Fluch oan:

Ynskriuwe yn DALO

Jo kinne jo digitaal ynskriuwe fia it oanmeldformulier.

Betingsten

Jo bedriuw of organisaasje moat:

  • fêstige wêze yn de gemeente Ljouwert;
  • ynskreaun stean by de Keamer fan Keaphannel;
  • in produkt of tsjinst leverje dy’t wetlik tastien is.

Wannear brûkt de gemeente de DALO?

As de gemeente Ljouwert in ûnderhânske oanbesteging dwaan wol. Dan sjocht sy yn de DALO oft der in geskikte ûndernimmer is yn de eigen gemeente.

In ûnderhânske oanbesteging betsjut dat de gemeente sels bepale mei hoefolle en hokker ûndernimmers om in offerte frege wurdt. Dat mei by opdrachten oant in bepaald bedrach.

Fragen of mear ynformaasje?

Stjoer in e-mail nei economischezaken@leeuwarden.nl.