Berneopfangfoarsjenning starte of wizigje
Wolle jo in bernedeiferbliuw, bûtenskoalske opfang, gastâlderburo of gâstâlderopfang starte of wizigje? Meld dit by ús.
Berneopfangfoarsjenning starte
Oanmelde
Ful hjirfoar earst it digitale formulier yn op de webside fan de Ryksoerheid. Meld jo berneopfangfoarsjenning dêrnei digitaal by ús oan fia Berneopfangfoarsjenning oanmelde.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Gean nei de webside fan de Rijksoverheid foar it papieren formulier en nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.
Wat bart der mei jo oanfraach?
De GGD kontrolearret oft jo berneopfangfoarsjenning oan de wetlike kwaliteitseasken foldocht. Is dit it gefal? Dan registrearje wy jo organisaasje yn it Landelijk Register Kinderopvang (LRK). Jo ûntfange in brief fan ús, as jo ynskreaun stean yn it LRK.
Berneopfangfoarsjenning wizigje
Ful hjirfoar earst it digitale formulier yn op de webside fan de Ryksoerheid. Jou dêrnei jo wiziging digitaal oan ús troch fia Berneopfangfoarsjenning registraasje wizigje.

Gean nei de webside fan de Ryksoerheid foar it papieren formulier. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs. By in papieren oanfraach duorret de ferwurking fan jo oanfraach langer.
Kosten
Sûnt 1 jannewaris 2023 betelje jo kosten foar de oanfraach foar in berneopfangfoarsjenning. Ek by hâlderwizigingen. Bygelyks in nije eigener of in nij adres. Dit jildt net as it om in adreswiziging giet fan in gastâlderburo.
- Oanfraach foar in berneopfangfoarsjenning € 2.268,75.
- Oanfraach foar in gastâlderopfangfoarsjenning € 453,75.
Wet- en regeljouwing
De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):
- Wet berneopfang
- Regeling Wet berneopfang
- Beslút kwaliteit berneopfang
De folgjende regeljouwing fine jo op ’e webside fan Overheid.nl (lokaal):
- Beliedsregels tasicht en hanthavening berneopfang gemeente Ljouwert 2021