Learlingeferfier
Kin jo bern net selsstannich nei skoalle reizgje troch in lichaamlike en/of ferstanlike beheining? Of allinnich ûnder begelieding? Wenje jo yn de gemeente Ljouwert? Mooglik hawwe jo rjocht op in fergoeding fan de reiskosten of oanpast ferfier.
Oanfreegjen learlingeferfier
Ful ûndersteande oanfraachformulieren yn foar 1 juny fan it nije skoaljier. As jo de oanfraach letter stjoere, moatte jo miskien sels ferfier regelje oant wy jo oanfraach behannele hawwe.
- Ik wol as âlder(s)/fersoarger(s) in oanfraach Learlingeferfier yntsjinje. Jo hawwe in DigiD nedich.
- Ik wol as skoalle of helpferliener/helpynstânsje in oanfraach Learlingeferfier yntsjinje.
- Skoaladvys learlingeferfier.
Stjoer it Skoaladvys op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wannear hearre jo mear?
Wy nimme kontakt mei jo op as wy jo oanfraach krigen hawwe. Binnen 8 wiken krije jo ús beslút.
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download dan it Oanfraachformulier learlingeferfier en ful yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wat binne de betingsten?
- Jo bern wennet yn de gemeente Ljouwert.
- De skoalle fan jo bern is: in reguliere basisskoalle, in spesjale skoalle, fuortset ûnderwiis of spesjaal fuortset ûnderwiis.
- Jo bern giet nei de skoalle dy’t it tichtst by jo wenning is.
- Giet jo bern nei it basisûnderwiis? Dan hawwe jo allinnich rjocht op in fergoeding ûnder de folgjende betingsten:
- Giet it om basisûnderwiis of spesjaal basisûnderwiis? De ôfstân tusken jo wenning en de skoalle is 6 kilometer of fierder.
- Giet it om spesjaal ûnderwiis of klusterûnderwiis? De ôfstân tusken jo wenning en de skoalle is 3 kilometer of fierder.
- Jo bern giet nei it fuortset (spesjaal) ûnderwiis en hat in handicap wêrtroch’t hy/sy net selsstannich reizgje kin.
- Jo bern hat in handicap, kin wol selsstannich reizgje nei it fuortset spesjaal ûnderwiis, mar de skoalle leit fierder as 20 kilometer fan jo wenning.
Hokker fergoedingen binne der?
Der binne fergoedingen foar bygelyks de fyts, it iepenbier ferfier of eigen ferfier. Wy geane út fan de kosten fan iepenbier ferfier of ferfier per fyts. Wannear’t dit net mooglik is, hawwe jo miskien rjocht op ferfier mei in taksybus. Dit is oanpast ferfier.
Kin jo bern troch de beheining of leeftyd net selsstannich fytse, of gebrûk meitsje fan it iepenbier ferfier?
Mooglik hawwe jo rjocht op in fergoeding foar ferfier mei in begelieder. Jo binne as âlder, fersoarger of foogd sels ferantwurdlik foar it begelieden. Ek as jo wurkje.
Kin jo bern troch de beheining net mei begelieding fytse of mei it iepenbier ferfier reizgje?
Mooglik hawwe jo rjocht op ferfier mei in taksybus.
Wichtich om te witten by jo oanfraach
- Elk skoaljier freegje jo opnij learlingeferfier oan.
- By de hichte fan de fergoeding geane wy út fan de skoalle dy’t it tichtst by jo wenning is en it meast passend is foar jo bern.
- Wat foar soarte fergoeding oft jo krije, hinget ôf fan de leeftyd en de medyske situaasje fan jo bern.