Sosjaal Medyske Yndikaasje (SMI) berne-opfang
Hawwe jo gjin rjocht op berne-opfangtaslach fan de Belestingtsjinst, mar is troch medyske of psychyske omstannichheden berne-opfang foar jo bern needsaaklik? Dan kinne jo mooglik tydlik finansjele ûndersteuning krije foar de kosten fan berne-opfang. Dat hjit in ‘Sosjale of Medyske Yndikaasje’ (SMI).
Kinne of wolle jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it dokumint Sosjale Medyske Yndikaasje Berneopfang (PDF, 99,69 KB) en folje it yn. Stjoer it dokumint op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wat bart der nei jo oanfraach?
In meiwurker fan de gemeente nimt binnen 6 oant 8 wike kontakt mei jo op foar in yntakepetear. As der genôch ynformaasje is om in beslút te nimmen krije jo dêr in brief oer fan ús. Yn dy brief lêze jo oft gemeente Ljouwert in diel fan de berne-opfangrekkening foar jo betellet. Betelje wy in diel fan de berne-opfang foar jo bern? Dan kin jo bern nei de berne-opfang. Sa foarkomme jo ekstra kosten. Dizze regeling jildt allinnich foar no en de takomst, net foar it ferline.
Hoe faak mei jo bern nei de berne-opfang mei in SMI?
Yn de brief stiet hoe faak oft jo bern nei de berne-opfang mei.
- Bern 0 oant 2 jier. Is jo bern yn de âldens fan 0 oant 2 jier? Dan kin jo bern maksimaal 6 deidielen nei de dei-opfang.
- Bern 2 oant 4 jier. Is jo bern yn de âldens fan 2 oant 4 jier? Dan kin jo bern maksimaal 4 deidielen nei de berne-opfang.
- Bern 4 jier of âlder. Is jo bern 4 jier of âlder en folget jo bern basisûnderwiis? Dan kin jo bern maksimaal 3 deidielen nei de bûtenskoalse opfang (BSO).
De meiwurker fan de gemeente bepaalt it oantal deidielen.
Wat moatte jo betelje?
De kosten fan de berne-opfang kinne elk jier feroarje. De maksimale oeretariven foar 2025 binne:
- Dei-opfang € 10,71
- Bûtenskoalske opfang € 9,52
- Gastâlderopfang € 8,10
Berekkening eigen bydrage
De eigen bydrage is berekkene op grûn fan jo ynkommen en de tabel berne-opfangtaslach fan de Belestingtsjinst. Foar de kosten fan de opfang fan jo bern wurdt útgien fan it maksimum oeretaryf dat troch de Belestingtsjinst fêststeld is. Yn it gefal dat jo berne-opfangorganisaasje in heger oeretaryf hantearret, dan moatte jo sels de ekstra kosten betelje. It maksimum oeretaryf fan de opfang, dat troch de Belestingtsjinst fergoede wurdt en de tabel berne-opfangtaslach fine jo op de webside fan de Belestingtsjinst.
De berne-opfangorganisaasje sil jo eigen bydrage moanliks fan jo rekkening ôfhelje fan de yngongsdatum fan de berne-opfang ôf.
Wachtlisten berne-opfangorganisaasjes
Hâld der rekkening mei dat der in wachtlist wêze kin by de berne-opfangorganisaasje. Freegje nei by de berne-opfangorganisaasje wannear’t der in plak foar jo bern beskikber is. In SMI jout gjin foarrang op de wachtlist.