Fluch oan:

Oanmelde by in boartersleargroep

Is jo bern 2 jier? Dan mei jo bern nei de boartersleargroep. Meld sels jo bern 3 moanne foar de 2de jierdei oan by 1 fan de folgjende 6 berne-opfangorganisaasjes:

Hoe faak is in boartersleargroep?

Jo bern giet maksimaal 2 oeren yn ’e wike nei de boartersleargroep.

Foar- en Ierskoalse Edukaasje (VVE) yndikaasje

In ferpleechkundige fan it konsultaasjeburo (GGD) makket in beslút oft it goed is foar jo bern om ekstra deidielen nei de boartersleargroep te gean. Dit beslút is ûnderdiel fan it programma Foar- en Ierskoalse Edukaasje (VVE). Jo bern giet dan 2 ekstra deidielen nei de boartersleargroep, wat goed is foar de ûntwikkeling fan jo bern. Dizze 2 ekstra deidielen binne gratis. Foar mear ynformaasje kinne jo terjochte by GGD-Fryslân.

Wat moatte jo betelje?

De hichte fan de kosten hinget ôf fan jo ynkommen. Ynformaasje oer de kosten kinne jo krije by de berne-opfangorganisaasje.

Rjocht op berne-opfangtaslach?

Of krije jo berne-opfangtaslach? Jou dit troch oan de belestingtsjinst. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Belestingtsjinst.

Gjin rjocht op berne-opfangtaslach?

Jou dit troch oan de berne-opfangorganisaasje. De berne-opfangorganisaasje berekkenet dan jo eigen bydrage.

Fergoeding fanút de ‘Kopjesregeling’

Krije jo berne-opfangtaslach en in ynkommen op bystânsnivo? Dan betellet de Belestingstsjinst 96% fan de kosten. De gemeente kin de rest betelje fia de ‘Kopjesregeling’. Mear ynformaasje fine jo op de pagina fergoeding fanút de Kopjesregeling.

Adressen berneopfang

Sykje jo in bernedeiferbliuw, boartersleargroep, bûtenskoalske opfang, in gastâlder of gastâlderburo? Mear ynformaasje fine jo op de webside Landelijk Register Kinderopvang fan ’e Ryksoerheid.