Fluch oan:

In oplieding folgje of (wer) nei skoalle

Stúdzjekar meitsje

Binne jo tusken de 18 en 23 jier en witte jo net goed wat jo talinten en mooglikheden binne? Fine jo it lestich in stúdzje te kiezen? In stúdzjeadvys kin jo helpe. By de Regionale Meld- en Coördinatiefunctie Voortijdig Schoolverlaten (RMC) kinne jo ferskillende testen dwaan. Sa’n test lit sjen wat jo kwaliteiten binne en jout jo ynformaasje oer stúdzjes dy’t jo dwaan kinne. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan RMC.

Earst sels op ûndersyk út?

Sjoch foar mear ynformaasje op de webside Studiekeuze 123 of op de webside fan de Samenwerkingsorganisatie Beroepsonderwijs Bedrijfsleven (SBB) foar it mbû.

Leaver in persoanlik stúdzjeadvys?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert en freegje nei it Jongereteam. Wy belje jo werom.

Stopje mei skoalle (RMC)

Binne jo stoppe of wolle jo stopje mei skoalle? Dan kinne jo te meitsjen krije mei de Regionale Meld- en Coördinaasjefunctie Voortijdig Schoolverlaten (RMC).

Wat docht de RMC?

  • De RMC helpt jo by it finen fan in skoalle, wurk of in kombinaasje fan skoalle en wurk.
  • De RMC besiket jo te helpen in diploma te krijen. De RMC siket mei jo nei de heechste oplieding dy’t foar jo helber is.
  • De RMC begeliedt jo nei de skoalle dy’t it bêste by jo past. Dat is om jo in goede start te bieden op ’e arbeidsmerk.
  • De RMC is der foar jongeren oant 23 jier.

Startkwalifikaasje

Jo binne by de RMC bekend as jo tusken de 18 en 23 jier binne, net op skoalle sitte en gjin startkwalifikaasje hawwe. In startkwalifikaasje hawwe jo as jo in diploma hawwe foar minimaal de hafû of mbû-nivo 2.

Mear ynformaasje?

Mear ynformaasje fine jo op de webside fan RMC.

Hawwe jo rjocht op in temjittekomming?

Jo binne jonger as 27 jier

Krije jo in útkearing fan ’e gemeente Ljouwert en wolle jo wer nei skoalle? Wy ûndersykje earst oft jo werom kinne nei skoalle. Dat is sa bepaald yn de Partisipaasjewet. Yn de Partisipaasjewet steane al jo rjochten en plichten as jo in útkearing oanfreegje of krije. Kinne jo werom nei skoalle en hawwe jo rjocht op stúdzjefinansiering? Dan hawwe jo nei alle gedachten gjin rjocht op in bystânsútkearing.

Jo binne tusken de 18 en 30 jier

Sitte jo op it mbû, hbû of op de universiteit? Jo binne fan doel te begjinnen oan in mbû- of hbû-oplieding? Mooglik kinne jo in fergoeding krije foar jo oplieding. Dat hjit stúdzjefinansiering Mear ynformaasje fine jo op de webside fan DUO. Hjir freegje jo ek stúdzjefinansiering oan. DUO hat in eigen YouTube-kanaal mei ynformaasjefilmkes dy’t jo fierder helpe.

Jo binne jonger as 56 jier

Mooglik kinne jo jild liene foar in stúdzje. Dat hjit it ‘Levenlanglerenkrediet’. Mear ynformaasje oer de betingsten, hoefolle oft jo liene meie en hoe’t it sit mei werombeteljen, lêze jo op de webside fan DUO. Hjir kinne jo ek in oanfraach yntsjinje.

Hoe fine jo in skoalle yn ’e buert?

Alle skoallen yn hiel Nederlân stean op de webside fan DUO. Wy hawwe dit foar jo yn in oersicht set per ‘soarte ûnderwiis’.

Byleare of omskoalje

Oplieding, diploma of sertifikaat nedich

Hawwe jo foar in baan in ekstra oplieding of sertifikaat nedich? Bygelyks in EHU-diploma, heftrucksertifikaat of taksypas? Dat kin faak fia in koarte oplieding, trening of kursus. Koarte opliedingen binne der om te sjen oft jo geskikt binne foar de baan dy’t jo sykje, of foar de baan dy’t jo al hawwe. By guon beroppen moatte jo beslist in bepaalde oplieding hawwe om it wurk dwaan te meien. Foar oare beroppen hoege jo net beslist in oplieding te dwaan, mar meitsje jo dêrmei wol mear kâns op in baan. Foar in koarte oplieding, trening of kursus krije jo gjin stúdzjefinansiering. Meastal moatte jo de kosten sels betelje. Soms betellet immen oars mei. Bygelyks de wurkjouwer, it UWV, de gemeente of jo soarchfersekering. Sykje goed út hoe’t it mei de kosten sit foar’t jo oan in oplieding of trening begjinne.

Fryske skoallingstrajekten

Mear ynformaasje oer hokker skoallingstrajekten der binne yn Fryslân, fine op op de webside Fryslânwerkt.

Wurkje en leare tagelyk

Wurkje en leare tagelyk kin mei de Berops Begeliedende Learwei (BBL).

  • Jo wurkje mear as dat jo op skoalle binne. Jo leare dus foaral yn ’e praktyk.
  • Jo geane 1 of 2 dagen yn ’e wike nei skoalle. Op de oare dagen wurkje jo. Jo hawwe dus minder kontakt mei stúdzjegenoaten en mear mei kollega’s.
  • Jo kinne allinnich in BBL-oplieding dwaan as jo wurkjouwer in offisjeel learbedriuw is.
  • Meastal krije jo in salaris fan jo wurkjouwer en hawwe jo gjin rjocht op stúdzjefinansiering of in ov-kaart.
  • Guon wurkjouwers jouwe in reiskostefergoeding.

Wolle jo in BBL-oplieding dwaan? Dan hawwe jo in praktykplak by in wurkjouwer nedich.

Mear ynformaasje fine jo op de folgjende websiden:

Mear ynformaasje of help nedich?

Nim kontakt op mei jo kontaktpersoan fan de gemeente Ljouwert.

Hawwe jo gjin kontaktpersoan?

Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.