Fluch oan:

Belang fan sporten en bewegen

Sporte en bewege binne wichtich foar in sûn en gelokkich libben. Ek helpt sporten en bewegen om de kâns op sykten te ferminderjen. Tink bygelyks oan:

  • obesitas
  • hart- en faatsykten
  • diabetes

Sporten en bewegen ferbynt minsken ek. Op de sportferiening, sportskoalle en yn sportgroepkes wurkje jo net allinnich oan jo lichaamlike sûnens, mar is it sosjale kontakt minstens sa belangryk.

Startnotysje mei sintrale ûnderwerpen

Der is al in startnotysje makke. Dit is de earste stap rjochting it nije beliedskader. De startnotysje hjit: ‘In nij beliedskader sport en bewegen’. Hjiryn stiet hoe’t it proses ta nij sportbelied derút sjocht en op hokker mominten wy ferieningen, organisaasjes en ynwenners freegje mei te tinken.

Yn de startnotysje stean fiif ûnderwerpen sintraal. Dat binne:

  1. Fan jongs ôf, in libben lang alsidich yn beweging.
  2. Sportynfrastruktuer, de basis om sporten en bewegen te fasilitearjen.
  3. Ferstevigjend fan it sportklimaat en de breedtesport.
  4. Fyzje op topsport(belied) yn de gemeente Ljouwert.
  5. Sûnensefterstannen ferlytsje mei sport as middel.

Tink mei ús mei

Op tongersdeitejûn 21 maart organisearret de gemeente Ljouwert in byienkomst mei sportferieningen. Mei-inoar sette wy dy jûn de earste stappen rjochting it nije beliedskader.

  • Tiid: 17:00 oant 21:30 oere.
  • Adres: BlauwWit’34 yn it Wiarda Sportkompleks, Ubbingaplantaazje 4, Ljouwert

Wolle jo hjirby wêze? Oanmelde is noch mooglik. Stjoer in mail nei secretariaat.sd@leeuwarden.nl en lit witte dat jo der graach by binne.

Ferfolchsesjes yn april

Fierder meitinke mei it nije beliedskader én hoe’t wy ynwenners mear en better yn beweging bringe kinne? Wy organisearje yn april per tema ferdjipjende byienkomsten. Wolle jo hjiryn meitinke? Meld jo oan fia secretariaat.sd@leeuwarden.nl.