Fluch oan:

Wat wolle wy berikke?

Ljouwert wol in plak wêze dêr’t jongerein him thús fielt, himsels wêze kin en dreamen wiermeitsje kin. Wy wolle de stim fan jongerein noch better hearre yn ús stêd, harren meitinke litte en likense kânsen jaan. Dêrneist wolle wy it Europeeske karakter yn Ljouwert en Fryslân noch mear sjen litte.

Wêrom wolle wy dit?

Yn Ljouwert sjogge wy graach nei de krêft fan minsken en posityf nei de takomst. Mar it is net altyd maklik om yn dizze tiid op te groeien. Dêrom wolle wy jongerein folop belûke yn de (takomst)plannen fan ús stêd. Mei-inoar kinne wy folle mear berikke.

Wat biedt EYC dy?

As European Youth Capital krijt jongerein in poadium om harren ideeën foar Ljouwert ta libben te bringen. Hjirmei wolle wy harren noch mear in plak biede dêr’t se har thús fiele en dêr’t harren ideeën heard wurde. It lit sjen dat ús stêd fan alle merken thús is.

Hoe meidwaan?

Ideeën foar Ljouwert as European Youth Capital 2028? Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. As jongere ynwenner fan gemeente Ljouwert, mar ek as organisaasje dy’t in soad mei jongerein wurket: beide belûke wy graach by dit aventoer.