Fluch oan:

Wêrom meidwaan oan de falprevinsje groepstrening?

Bliuw langer fit, selsstannich thús wenjen én genietsjen fan it libben mei de falprevinsjetrening. Troch mei te dwaan oan de trening:

  • Kinne jo de deistige dingen langer dwaan bliuwe.
  • Ferbetterje jo jo spierkrêft en lykwicht.
  • Rinne en bewege jo mei mear selsbetrouwen.
  • Leare jo nije minsken kennen.

De treningen dy’t troch de gemeente fergoede wurde:

  • In Balans: in groepstrening fan 3 moannen, besteande út foarljochtingsbyienkomsten en in beweechprogramma. Der is 2 kear wyks in byienkomst.
  • Otago: in groepstrening fan 3 moannen mei lykwichtsoefeningen en in kuierskema.

By de trening krije jo ûnder mear ynformaasje oer sûn iten en oefeningen dy’t jo thús dwaan kinne.

Jo falrisiko mjitte

Wolle jo witte wat jo risiko is op fallen? Gean dan nei hoesterkstaik.nl. Op dizze webside fan de Oerheid kinne jo online in oantal fragen beäntwurdzje. Jo krije fuortdaliks de útslach en it is folslein anonym. Jo kinne ek oan jo fysioterapeut freegje wat jo risiko op fallen is. Of miskien hawwe jo by de apoteek west om dit te bepraten. De apoteken yn ús gemeente kinne jo ek freegje oft jo jo risiko op fallen mjitte litte wolle.

Lokaasjes en oanmelde

De groepstreningen wurde oanbean troch in fysioterapeut by jo yn de buert of troch Amaryllis yn in wyk- of doarpssintrum. Binne jo ynteressearre yn in falprevinsje groepstrening? Nim dan kontakt op mei in dielnimmende fysioterapeut of Amaryllis foar in ôfspraak. Jo fine alle gegevens op de kaart dielnimmende fysioterapeut of Amaryllis.