Fluch oan:

Wêrom meidwaan oan de falprevinsje groepstrening?

Bliuw langer fit, selsstannich thús wenjen én genietsjen fan it libben mei de falprevinsjetrening. Troch mei te dwaan oan de trening:

  • Kinne jo de deistige dingen langer dwaan bliuwe.
  • Ferbetterje jo jo spierkrêft en lykwicht.
  • Rinne en bewege jo mei mear selsbetrouwen.
  • Leare jo nije minsken kennen.

De treningen dy’t troch de gemeente fergoede wurde:

  • In Balans: in groepstrening fan 3 moannen, besteande út foarljochtingsbyienkomsten en in beweechprogramma. Der is 2 kear wyks in byienkomst.
  • Otago: in groepstrening fan 3 moannen mei lykwichtsoefeningen en in kuierskema.

By de trening krije jo ûnder mear ynformaasje oer sûn iten en oefeningen dy’t jo thús dwaan kinne.

Lokaasjes en oanmelde

De groepstreningen wurde oanbean troch in fysioterapeut by jo yn de buert of troch Amaryllis yn in wyk- of doarpssintrum. Binne jo ynteressearre yn in falprevinsje groepstrening? Nim dan kontakt op mei in dielnimmende fysioterapeut of Amaryllis foar in ôfspraak. Jo fine alle gegevens op de kaart dielnimmende fysioterapeut of Amaryllis.