Utkearing oanfreegje
Hawwe jo gjin ynkommen mear, of wurdt it minder? En hawwe jo dêrtroch te min jild om fan te libjen? Miskien kinne jo in (oanfullende) bystânsútkearing krije. Untdek gau oft jo rjocht hawwe troch in pear koarte fragen te beäntwurdzjen.
Hoefolle jild krije jo?
Yn it oersicht Noarmbedraggen Partisipaasjewet fine jo de bedraggen.
Wêr hâlde wy rekken mei?
Foar de hichte fan jo útkearing hâlde wy rekken mei:
- jo wensituaasje;
- oar ynkommen;
- in bydrage fan âlden of in eks-partner. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Ferhaalsbydrage.
Hokker regels jilde as jo in útkearing krije?
Jo moatte meiwaan oan aktiviteiten om wurk te finen. As jo net aktyf meiwurkje, kinne wy jo útkearing ferleegje.
As der wat feroaret yn jo wensituaasje of jo ynkommen, jouwe jo dat troch oan ús. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Feroaringen foar bystânsútkearing trochjaan.
Mear ynformaasje
- Yn dit filmke krije jo útlis oer it oanfreegjen fan in bystânsútkearing foar 18- oant 27-jierrigen.
- Yn dit filmke krije jo útlis oer it oanfreegjen fan in bystânsútkearing foar minsken fan 27 jier en âlder.
- Der binne in oantal betingsten om foar in bystânsútkearing yn oanmerking te kommen. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan de Ryksoerheid.
- Hawwe jo bysûndere kosten dy’t jo net betelje kinne? Kinne jo gjin help freegje oan buorlju, famylje of freonen? Is der ek gjin oare regeling dy’t jo brûke kinne en hawwe jo gjin eigen jild? Mooglik kinne jo bysûndere bystân oanfreegje. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Bysûndere bystân.
Kontrolearje sels wêr’t jo rjocht op hawwe
Neist de bystânsútkearing biedt de gemeente ek oare regelingen en fergoedingen. Doch de check fia de webside datgeldtvoormij om te sjen op hokker regelingen en taslaggen oft jo noch mear rjocht hawwe.
Fragen of help nedich?
Gean lâns by de buert- of doarpskeamer by jo yn ’e buert. Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.