Uttreksel Basisregistraasje Persoanen (BRP)
Dit is in ferklearring dat jo yn de gemeente Ljouwert wenje. Freegje it úttreksel digitaal oan. Jo hawwe DigiD nedich en betelje fuortdaliks online. Wy stjoere it úttreksel binnen 1 wurkdei nei jo húsadres.
Wolle of kinne jo net digitaal oanfreegje?
Meitsje in ôfspraak om lâns te kommen. Sûnder ôfspraak kinne wy jo net helpe. De datums dy’t jo sjogge by it online ynplannen fan jo ôfspraak binne de iennichste datums dy’t beskikber binne. Wy freegje jo dêrom gjin telefoanysk kontakt mei ús op te nimmen foar in ôfspraak op in oar momint.
- Nim in jildich legitimaasjebewiis mei. Bygelyks in identiteitskaart, paspoart of rydbewiis.
- Jo betelje it úttreksel kontant of mei de pin oan de baalje.
- Jo krije it úttreksel fuortdaliks mei.
Oanfreegje foar josels of oaren
Jo kinne in úttreksel BRP oanfreegje foar:
- josels;
- jo partner;
- jo bern dat by jo wennet (ek as it âlder is as 18 jier);
- immen dy’t in machtiging oan jo jûn hat.
Hokker soarten binne der?
- Bewiis fan Nederlannerskip.
- Bewiis fan yn libben wêzen.
- Hjirmei bewize jo yn Nederlân dat jo yn libben binne.
- Attestaasje de vita.
- Hjirmei bewize jo yn it bûtenlân dat jo yn libben binne.
- Freegje dizze ferklearring persoanlik oan op it Gemeentehûs. Yn de ferklearring stiet dat jo yn libben oan de baalje kommen binne.
- De ferklearring is yn meardere talen makke. Dus te brûken yn it bûtenlân.
Kosten
Basisregistraasje Persoanen (BRP)
Uttreksels BRP € 15,90.
Legalisaasje hantekening € 10,40.
Stimpeljen/ferklearring fan echtens € 10,40.
VOG
Ferklearring fan goed hâlden en dragen € 41,35.