Ferklearring fan goed hâlden en dragen (VOG)
In Ferklearring oangeande hâlden en dragen (VOG) is in bewiis fan goed hâlden en dragen. Wurkjouwers of ynstânsjes kinne jo om in VOG freegje. Bygelyks as jo wurkje sille yn de berne-opfang of it ûnderwiis of in wapenfergunning oanfreegje. Freegje de VOG oan yn de gemeente dêr’t jo wenje.
Hoe en wêr in VOG oanfreegje?
Jo freegje de VOG foar josels oan.
Nim it folgjende mei nei it Gemeentehûs:
- In folslein ynfuld Oanfraachformulier Ferklearring fan goed hâlden en dragen. Dit formulier kinne jo ek fia jo wurkjouwer krije.
- Jo paspoart, identiteitskaart of rydbewiis.
- Jo betelje de VOG kontant of mei jo pinpas.
Jo freegje de VOG foar immen oars oan

- In folslein ynfuld Oanfraachformulier Ferklearring fan hâlden en dragen (PDF, 393.63 KB).
- In machtigingsbrief. Hjiryn stiet dat de persoan (foar wa’t jo de VOG oanfreegje) jo machtiget om dit út namme fan dy persoan te dwaan.

- In kopy fan it legitimaasjebewiis fan de persoan foar wa’t jo de VOG oanfreegje.

Jo binne frijwilliger en wurkje mei bern of kwetsbere persoanen
Freegje de VOG fergees oan fia de webside fan Justis.
Jo binne wurkjouwer en freegje de VOG oan foar in wurknimmer
Der binne ferskillende manieren. Op de webside fan Justis fine jo mear ynformaasje.
Jo wenje yn it bûtenlân of hawwe gjin fêst wen- of ferbliuwplak
Jo kinne de VOG oanfreegje fia de webside fan Justis.
Wannear krije jo antwurd op jo oanfraach?
Jo krije de VOG, of de ôfwizing, 2 oant 4 wike nei jo oanfraach oer de post thús stjoerd.
It ministearje fan Feiligens en Justysje beoardielet de oanfraach. De Tsjinst Justis jout in VOG ôf.
Kommersjele websiten: ûnnedige ekstra kosten
Justis mei as iennichste organisaasje yn Nederlân in VOG ôfjaan. De offisjele website fan Justis is www.justis.nl.
Op ynternet fine jo kommersjele partijen dy’t foar jo in VOG oanfreegje kinne.
Dy bedriuwen hearre net by Justis. As in kommersjele organisaasje in VOG foar jo oanfreget, moat Justis dy oanfraach beoardielje. Dizze oanfragen geane op deselde wize en like fluch as alle oare VOG-oanfragen.
In VOG-oanfraach by in kommersjeel bedriuw giet dus net flugger.
It kostet jo wol mear. Jo betelje it bedriuw dat de oanfraach foar jo docht. Dizze ekstra kosten komme boppe-op de normale kosten fan in VOG-oanfraach.
Kosten
In Ferklearring fan goed hâlden en dragen (VOG) kostet: € 41,35.