Erfpacht ûnreplike saak
De gemeente Ljouwert biedt hast alle erfpachtgrûn te keap oan. As erfpachter kinne jo fia in ôfkeapproseduere dy erfpachtgrûn keapje.
Wannear kinne jo jo erfpachtgrûn oankeapje?
As erfpachter kinne jo yn hast alle gefallen it saneamde ‘bleate eigendom’ fan jo erfpachtgrûn oankeapje. Jo wurde dan eigener fan de grûn en dêrtroch hoege jo net jierliks in jildbedrach (de kanon) te beteljen.
Komt jo grûn yn oanmerking foar it oankeapjen?
Dan krije jo binnen 2 wiken in oanbiedingsbrief fan de gemeente. Yn dy brief stiet:
- Wat jo betelje moatte.
- De betingsten wêrûnder’t jo jo erfpachtperseel oankeapje kinne.
- Hoe’t de ôfkeapproseduere fierder ferrint.
Wannear kinne jo jo erfpachtgûn net oankeapje?
As jo erfpachter binne yn in appartemintekompleks. Yn dat gefal hawwe jo net in selsstannich erfpachtrjocht mar in ûnferdield oandiel yn it (yn appartemintsrjochten splitste) erfpachtrjocht. Erfparchters fan in appartemintekompleks kinne allinnich it ‘bleate eigendom’ keapje as elke erfpachter op itselde stuit meidielt en ree is de hiele erfpachtgrûn te keapjen.
Fersyk yntsjinje
Freegje it ‘Fersyk ta oankeap erfpachtgrûn’ digitaal oan.
Wolle of kinne jo dit net digitaal oanfreegje?
Download it formulier Fersyk ta oankeap erfpachtgrûn (PDF, 169,35 KB en folje it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Wet- en regeljouwing
De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).
- Algemiene Erfpachtsbepalingen 1917
- Algemiene Erfpachtsbepalingen Ljouwert 1965
- Algemiene Erfpachtsbepalingen Ljouwert 1982