Fluch oan:

Twadde wenning

De measte wenningen yn Grou en Warten dy’t as twadde wenning brûkt wurde, stean yn de âlde doarpskearnen. Dizze wenningen stean in grut part fan it jier leech, wat de leefberens ûnder druk set. Boppedat binne keapwenningen krap, wêrtroch’t der minder wenningen beskikber binne foar húshâldens dy’t yn Grou en Warten wenje wolle.

Húsfestingsferoardering

Om de negative gefolgen fan it twadde wenninggebrûk lytser te meitsjen, hat de gemeente Ljouwert in Húsfestingsferoardering opsteld. Hjiryn stiet ûnder hokker betingsten én wêr yn Grou en Warten it gebrûk fan in hûs as twadde wenning tastien is en yn hokker gebieten in ûntlûkingsfergunning nedich is.

Wurkingsgebiet

Wenning binnen it wurkingsgebiet?

Hawwe jo in keapwenning yn ien fan de wurkingsgebieten? Dan meie jo jo wenning allinnich foar permaninte bewenning brûke. Jo meie dizze wenning net rekreatyf ferhiere. Wannear’t jo jo wenning tydlik net as permaninte wenning brûke kinne dan binne jo ferplicht in ûntlûkingsfergunning oan te freegjen.

Wenning bûten it wurkingsgebiet?

Stiet jo wenning bûten it wurkingsgebiet dan meie jo jo wenning ek as twadde wenning brûke. Jo kinne op de kaart fan jo kearn sjen oft jo wenning yn of bûten it wurkingsgebiet falt.

Fragen en antwurden

Wat is in ûntlûkingsfergunning?

Jo moatte de ûntlûkingsfergunning oanfreegje as jo de wenning as twadde wenning brûke wolle, yn gebrûk jaan wolle of brûke litte.

Yn hokker gebieten moat ik in ûntlûkingsfergunning oanfreegje?

De ûntlûkingsfergunning is nedich yn de kearn Grou en de kearn Warten.

Wannear hearre jo mear?

Binnen 8 wike nei ûntfangst hearre jo oft jo de fergunning krije. Soms is in ferlinging nedich, mar dan krije jo dêr skriftlik berjocht oer.

Kin in fergunning ynlutsen wurde?

Ja, in ûntlûkingsfergunning kin ynlutsen wurde as:

  • De eigener fan de wenromte hjirom freget.
  • In wenromte net binnen in jier nei it definityf wurden fan de fergunning ûntlutsen is.
  • In ûntlutsen wenromte op in bepaald stuit langer as in jier net brûkt wurdt as twadde wenning.
  • De fergunning ferliend is op grûn fan ûnjuste of ûnfolsleine gegevens dêr’t dizze fan wist of reedlikerwiis tinke moast dat dy ûnjust of ûnfolslein wiene, of yn de fergunning troch de gemeente stelde betingsten of foarskriften net neilibbe wurde.

Beswierskrift yntsjinje?

Jo kinne in beswier yntsjinje tsjin de ôfwizing fan in fergunningsoanfraach. Gean nei de side Beswierskrift yntsjinje.

Kosten

It oanfreegjen fan in fergunning kostet € 635,89. Jo moatte dit ek betelje as de fergunning net útjûn wurdt.