Fersulverliening
Is jo wenning mear wurdich as jo hypoteek? Binne jo 57 jier en 9 moannen of âlder? Wolle jo feilich en komfortabel wenjen bliuwe of jo wenning ferduorsumje sûnder hegere moannelêsten? Freegje dan de fersulverliening oan. Kontrolearje earst oft jo subsydzje krije kinne. Foar ferduorsuming fan eigen wenningn binne der subsydzjeregelingen. Lês mear op de pagina’s Subsydzje enerzjybesparjende wenningmaatregels of Subsydzje isolaasje eigen wenning.
Wêr kinne jo foar liene?
- De ferduorsuming fan jo wenning, ûnderhâld dat noch dien wurde moat en ferbettering fan jo wenning. Jo kinne tinke oan ferfangen fan âld glês troch isolaasjeglês, flierisolaasje en dakisolaasje.
- Maatregels oan jo wenning of tún om langer selsstannich thús wenje te kinnen. Tink hjirby oan oanpassingen yn jo badkeamer of it ferpleatsen fan de sliepkeamer nei de ûnderferdjipping.
- It ferwiderje litten fan asbest yn en om jo wenning.
- Needsaaklike help yn en om jo wenning of persoanlike help om langer thús wenje te kinnen.
Hoe wurket it?
By de fersulverliening betelje jo de kosten fan de rinte en de ôflossing efterôf. Dit is by de ferkeap fan jo wenning of nei ferstjerren. Jo betelje dy kosten dus net alle moannen. Dit is in foardiel neffens in normale liening. Ek is der in geunstige rinte fan 1,7%.
Stappeplan
- Jo melde jo foar de fersulverliening oan fia it oanmeldformulier op dizze side. De gemeente kontrolearret oft dizze maatregels tastien binne.
- As de oanmelding akkoart is, krije jo in tawizingsbrief.
- Mei dizze brief kinne jo de liening by de SVn (Stichting Stimuleringsfonds Volkshuisvesting Nederlandse Gemeenten) oanfreegje. SVn fiert de liening út út namme fan de gemeente.
- Ta beslút kontrolearret SVn oft jo wenning foldwaande oerwearde hat.
Proefberekkening
Op de webside fan SVn stiet in proefberekkening. Hjirmei kinne jo berekkenje oft jo de fersulverliening oanfreegje kinne.
Betingsten
Der binne in pear betingsten dêr’t jo oan foldwaan moatte:
- Jo wenje yn de gemeente Ljouwert.
- Jo binne beide 57 jier en 9 moannen of âlder.
- Jo binne eigener fan it hûs dêr’t jo in liening foar oanfreegje wolle.
- Jo wenje/sille wenje yn it hûs dêr’t jo in liening foar ôfslute wolle.
- Jo hûs hat foldwaande oerwearde.
- It hûs dêr’t jo in liening foar ôfslute wolle, is op syn minst 1 jier âld.
- As der sprake is fan in houlik/registrearre partnerskip of mienskiplik eigendom, moatte jo de fersulverliening tegearre oanfreegje. De partner moat dan ek oan de betingsten fan de fersulverliening foldwaan.
- Jo kinne minimaal € 2.500,- en maksimaal € 25.000,- liene mei de fersulverliening.
Wannear ôflosse?
- Oan ’e ein fan de rintiid (75 jier).
- By de ferkeap fan de wenning.
- By it ferstjerren fan de langstlibjende wenningeigener.
Wat is in hypotekêre liening?
De fersulverliening is in hypotekêre liening. Dat hâldt yn dat jo wenning ûnderpân is foar dizze liening. Jo regelje dit by in notaris. De kosten foar de notaris kinne jo meifinansiere yn de fersulverliening.
Mear ynformaasje fine jo op de webside fan SVn.
Kin ik nei myn eigen hypoteekferstrekker?
Net alle hypoteekferstrekkers kenne it produkt fersulverliening. Jo kinne wol by jo eigen hypoteekferstrekker ynformearje oft jo yn oanmerking komme kinne foar it fersulverjen fan de oerwearde fan jo wenning.
Is de rinte fiskaal ôf te lûken?
Nee, de fersulverliening is in Box 3-hypoteek. Jo finansjeel adviseur kin jo hjiroer útlis jaan.
Hawwe jo oare fragen?
Wy wolle jo helpe by it ferduorsumjen fan jo wenning. Mear ynformaasje oer bygelyks subsydzjes, tips, help fan in enerzjycoach en advys fine jo op ’e webside fan it Enerzjyloket Ljouwert. Foar fragen nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.