Fluch oan:

Omjouwingsfyzje Wenjen yn de stêd

Yn it addindum op de Omjouwingsfyzje Wenjen yn de stêd stean de ambysjes fan it wenbelied en de doelen dy’t dêrby hearre.

Ambysje

De ambysje foar wenjen yn Ljouwert is om in stêd fan wearde te wêzen. Dit hâldt yn in stêd mei oanbod foar ferskillende doelgroepen én genôch betelbere wenningen. Mar ek in stêd dêr’t jo goed wenje kinne, yn in omjouwing dêr’t jo jo thús fiele.

Doelen

Oan dizze ambysje wurkje wy troch gebrûk te meitsjen fan fjouwer doelen:

  1. De alsidige stêd. Mear wenningen foar ferskillende húshâldens en in mjuks fan ferskillende wenningen per buert.
  2. De betelbere stêd. Mear goedkeapere wenningen én in bettere ferdieling oer de stêd.
  3. Bysûnder (goed) wenjen. Bettere kwaliteit fan de wenning en de romte om de wenning hinne.
  4. De kompakte stêd. Bettere kwaliteit fan de leefromte yn de stêd, wêrby’t wy gebrûk meitsje fan de besteande huzen en gebouwen.

Beliedsprogramma Wenjen yn de stêd

Beliedsprogramma Wenjen yn de stêd – diel A

Hjiryn stean de fjouwer doelen neier útwurke. Ek stiet beskreaun wêrom, foar wa, hoefolle, wêr, wannear en op hokker wize oft de gemeente Ljouwert yn de stêd Ljouwert bouwe (litte) wol.

Beliedsprogramma Wenjen yn de stêd – diel B

Hjir binne de regels en oanpak per type wenwyk yn beskreaun. Der binne fjouwer typen wenwiken:

  • Binnenstêd
  • Alde stedswiken
  • Neioarlochske útwreidingswiken
  • Nije útwreidingswiken

Per type wenwyk wurdt útlein foar wa’t wy wenningen taheakje wolle en hoefolle wenningen wy bouwe (litte) wolle.

Reagearje op it addindum en/of beliedsprogramma

It dokumint Addindum op de Omjouwingsfyzje, it dokumint Beliedsprogramma Wenjen yn de stêd Diel A en it dokumint Beliedsprogramma Wenjen yn de sêd Diel B, lizze fan tongersdei 3 oktober oant en mei woansdei 13 novimber op ynsjen op it gemeentehûs.

Sjenswize yntsjinje

Binne jo it mei bepaalde punten net iens? Dan kinne jo jo reaksje jaan troch in offisjele sjenswize yn te tsjinjen. Hjirby kinne jo it dossiernûmer 2024-193589 notearje. De reaksjes wurde troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders meinommen as it plan foarlein wurdt oan de gemeenteried.

Planning

  • Fan 3 oktober oant en mei 13 novimber lizze beide dokuminten op ynsjen op it gemeentehûs.
  • Dêrnei stelt de gemeenteried it addindum fêst en it kolleezje it beliedsprogramma. Dat sil yn it earste fearnsjier fan 2025 wêze.

Fragen?

Stjoer in e-mail nei wonen@leeuwarden.nl of nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.