Fluch oan:

Hawwe jo help by it húshâlden nedich?

Jo kinne (betelle) help by it húshâlden sykje yn jo eigen omjouwing. Ek kinne jo gebrûk meitsje fan in waskservice foar jo wask, in mielservice foar jo iten, of de besoarchservice fan de supermerk foar jo boadskippen.

Hawwe jo in yndikaasje Wlz-soarch?

Hawwe jo in yndikaasje út de Wet langduorjende soarch (Wlz) wei? Freegje help by it húshâlden oan by it Zorgkantoor Friesland. Help by it húshâlden is in foarm fan ‘langduorjende soarch’.

Is dat gjin oplossing foar jo?

Dan kinne jo mooglik help by it húshâlden krije út de Wmo wei. Nim dêrfoar kontakt op mei MIEP Huishoudservice en Thuiszorg Het Friese Land. Sy organisearje mei-inoar de help by it húshâlden foar de gemeente Ljouwert. Jo kinne help by it húshâlden oanfreegje fia de website fan HbH Ljouwert of belje nei 058-2337777. MIEP Huishoudservice en Thuiszorg Het Friese Land sjogge mei jo hokker ûndersteuning jo nedich hawwe. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.

Wolle jo sels help by it húshâlden ynkeapje mei in Persoansbûn budzjet (PGB)?

Jou jo melding digitaal troch (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Hoe giet it fierder?

In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken nei ûntfangst fan jo melding. De meiwurker wol earst graach mear witte oer jo situaasje. Dat kin troch in telefoanysk petear of in petear by jo thús. Mei-inoar wurdt nei in oplossing socht. De gemeente lit jo binnen 2 wiken nei it petear witte oft jo help by it húshâlden fia in PGB krije. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.

 

As der in soad meldingen tagelyk binne, kin it in bytsje langer duorje. Dat lit de gemeente jo dan witte.

Hawwe jo al help by húshâlden út de Wmo wei?

Foar fragen, it trochjaan fan in wiziging of it ferlingen fan jo help by it húshâlden kinne jo terjochte by de organisaasje fan jo eigen help.

Jo kinne kontakt opnimme mei MIEP Huishoudservice.

  • Telefoanysk fia: 0111 410 009
  • Maile nei: info@miep.nu

Jo kinne kontakt opnimme mei Thuiszorg Het Friese Land:

  • Telefoanysk fia: 0900 8864
  • Maile nei: info@thfl.nl

Hawwe jo sels help by it húshâlden ynkocht mei in PGB?

Foar fragen, it trochjaan fan in wiziging of it ferlingen fan jo help by it húshâlden kinne jo terjochte by de gemeente.

  • Foar fragen oer it PGB kinne jo de gemeente belje op 14 058.
  • Foar it trochjaan fan wizigingen folje jo in wizigingsformulier yn.
  • Foar it ferlingen fan jo help jouwe jo in melding troch oan de gemeente.

Hoe jou ik in melding troch oan de gemeente Ljouwert?

Jou jo melding digitaal troch (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de Gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Oare mooglike oplossingen

Hawwe jo oare fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.