Mantelsoarchûndersteuning
Soargje jo lange tiid foar in famyljelid, freon of buorman/buorfrou dy’t siik is of in beheining hat? Dan binne jo mantelsoarger. Falt de mantelsoarch jo swier? Dan is mantelsoarchûndersteuning mooglik in oplossing foar jo.
Hawwe jo mantelsoarchûndersteuning nedich?
Der kin ûndersteuning bean wurde yn de foarm fan aktiviteiten foar lotgenoaten, praktyske ûndersteuning of tydlike oername fan soarch. Foar ûndersteuning kinne jo terjochte by Team Mantelzorg Amaryllis.
Aktiviteiten foar lotgenoaten
Der kin ûndersteuning bean wurde yn de foarm fan aktiviteiten foar lotgenoaten. Bygelyks:
- In mantelsoarchkafee.
- Gearkomsten foar jonge mantelsoargers.
- In aktiviteit om de Dei fan de Mantelsoarch hinne.
Praktyske ûndersteuning
Der kin praktyske ûndersteuning bean wurde. Bygelyks:
- Understeuning by regelsaken.
- Help by it ynfoljen fan formulieren.
Tydlike oername fan soarch
Der kin ûndersteuning bean wurde troch it tydlik oernimmen fan de soarch, troch in frijwilliger of helpferliener. Dat wurdt ek wol ‘ferfangende soarch’ of ‘útstelsoarch’ neamd. Ferfangende soarch kin by jo thús, of yn de foarm fan in (koartduorjend) ferbliuw yn in (útfanhuzers)appartemint bean wurde. In ferbliuw kin regelmjittich bean wurde. Bygelyks 1 wykein yn ’e moanne of 1 dei yn ’e wike. In ferbliuw kin ek foar ien kear bean wurde. Bygelyks by in dei fuort, fakânsje of plande sikehûsopname.
Mear ynformaasje?
Foar ynformaasje oer mantelsoarchûndersteuning kinne jo terjochte by it mantelsoarchsprekoere, elke tongersdei fan 10:30 oant 12:00 oere yn it Odensehûs, Noardfliet 441 yn Ljouwert. Leaver op in oar momint? Nim dan kontakt op mei Team Mantelsoarch fan Amaryllis fia 058 – 3030400 of mail nei mantelzorg@amaryllisleeuwarden.nl.
Oare mooglike oplossingen
Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:
Hawwe jo oare fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.