(Taksy)ferfier
Hawwe jo gjin eigen ferfiersmooglikheden, lykas in auto, (elektryske) fyts, scooter of brommer? Kinne jo ek net mear mei (begelieding) mei it iepenbier ferfier? Mooglik is taksyferfier dan in oplossing foar jo.
Taksyferfier binnen 25 km fan jo wenadres (binnen jo regio)
Hawwe jo ferfier nedich binnen jo eigen regio? Dat is binnen in straal fan 25 km fan jo wenadres. Dan binne der meardere mooglikheden foar taksyferfier.
Ferfier fan en nei it sikehûs, jo soarchferliener of in soarchynstelling?
Hawwe jo ferfier nedich fan en nei it sikehûs, jo soarchferliener of in soarchynstelling? Freegje dit medysk ferfier oan fia jo soarchfersekerder.
Ferfier fan en nei de deibesteging of deibehanneling?
Hawwe jo ferfier nedich om fan en nei de deibesteging of deibehanneling te kinnen? Nim kontakt op mei jo soarchoanbieder.
Ferfier fan en nei it wurk of nei skoalle?
Hawwe jo taksyferfier nedich om nei jo wurk of nei skoalle te kinnen? Freegje ferfier oan by it UWV.
Ferfier fan en nei it (spesjaal) basisûnderwiis of fuortset ûnderwiis?
Giet it om in minderjierrige mei in beheining dy’t nei it basisûnderwiis of fuortset ûnderwiis giet? Freegje dan ferfier oan by de ôfdieling Learlingeferfier fan de gemeente.
Ferfier foar oare situaasjes?
Lykas besite oan famylje of freonen, nei in (sport)aktiviteit of klup, nei it teäter of de film, om te winkeljen of boadskippen te dwaan. Dan kinne jo mooglik taksyferfier krije út de Wmo wei. Jou hjirfoar in melding troch oan de gemeente Ljouwert.
Foar taksyferfier út de gemeente (Wmo-taksy) wei betelje jo, krekt as foar it iepenbier ferfier, in reisbydrage per rit (ynstaptaryf) én per kilometer.
Hoe jou ik in melding troch?
Jou jo melding digitaal troch (jo hawwe DigiD nedich). Kinne of wolle jo net digitaal trochjaan? Download it Meldingsformulier Wmo en ful it yn. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.
Hoe giet it fierder?
In meiwurker fan de gemeente bellet jo binnen 6 wiken nei ûntfangst fan jo melding. De meiwurker wol earst graach mear witte oer jo situaasje. Dat kin troch in telefoanysk petear of in petear by jo thús. Mei-inoar wurdt nei in oplossing socht. De gemeente lit jo binnen 2 wiken nei it petear witte oft jo (taksy)ferfier krije. Foar in foarsjenning út de Wmo wei betelje jo in eigen bydrage.
As der in soad meldingen tagelyk binne, kin it in bytsje langer duorje. Dat lit de gemeente jo dan witte.
Taksyferfier bûten 25 km fan jo wenadres (bûten jo regio)
Hawwe jo ferfier nedich bûten jo eigen regio? Dat is bûten in straal fan 25 km fan jo wenadres. Dan kinne jo mooglik yn oanmerking komme foar Valys. Valys is taksyferfier foar minsken mei in beheining dy’t fierder as 25 kilometer reizgje wolle.
Mear ynformaasje oer taksyferfier fan Valys?
Sjoch dan op de website fan Valys of belje 0900-9630.
Foar it oanfreegjen fan Valys hawwe jo minimaal ien fan de folgjende bewiisstikken nedich:
- Bewiis fan de gemeente dat jo Wmo-taksyferfier hawwe.
- Bewiis fan de gemeente dat jo in Wmo-rolstoel of Wmo-scootmobyl hawwe.
- In handicapteparkearkaart.
- In OV-begeliederskaart.
- In ferklearring fan jo gemeente dat, ek al beskikke jo net oer boppesteande dokuminten, ferfier bûten jo regio fan Valys echt nedich is.
It iepenbier ferfier (bus of trein)
De ôfrûne jierren binne in soad bussen en bushaltes oanpast om it iepenbier ferfier foar elk tagonklik te meitsjen. Hjirtroch is it foar mear minsken mooglik om gebrûk te meitsjen fan it iepenbier ferfier. Dus ek mei in rollator of rolstoel.
Yn it iepenbier ferfier reizgje jo mei in OV-chipkaart
Jo kinne in persoanlike of anonime OV-chipkaart keapje. Mear ynformaasje fine jo op de website fan OV-chipkaart. Jo kinne dêrfoar ek terjochte by it OV-servicepunt yn Ljouwert by it stasjon. Dêr wurde jo persoanlik holpen.
Net earder mei in OV-chipkaart reizge?
Dan kinne jo miskien wol wat útlis brûke. Mear ynformaasje oer it reizgjen mei in OV-chipkaart fine jo op de website Uitleg OV-chipkaart.
Help nedich by de oanfraach fan in OV-chipkaart?
Jo kinne foar help terjochte by in buertservicepunt by jo yn ’e buert. Meitsje hjirfoar in ôfspraak. Mear ynformaasje oer it buertservicepunt kinne jo fine op de website Stifting Buertservicepunt Ljouwert. Jo kinne harren ek berikke fia telefoannûmer 06-34843569.
Hawwe jo reisadvys nedich?
Wolle jo witte hoe’t jo earne mei it iepenbier ferfier komme kinne? Jo kinne reisadvys krije fia de website 9292 reist met je mee. Jo kinne ek in handige reis-app op jo mobile telefoan downloade. Bygelyks de app fan 9292 of fan Arriva of NS of OVinfo. Wolle jo graach persoanlik reisadvys? Dan kinne jo belje mei de Klanteservice fan Arriva. Jo kinne Arriva berikke fia telefoannûmer 0800-0232545 op moandei oant en mei snein fan 07:00 oant 23:00 oere.
Hawwe jo help nedich by it ynstappen of útstappen fan de trein?
Bygelyks fanwegen in lichaamlike beheining of in visuele beheining. Dan kinne jo fergees gebrûk meitsje fan Reisassistinsje.
- Jo kinne dit by Arriva oanfreegje fia telefoannûmer 0800-0232545.
- Jo kinne dit by NS oanfreegje fia telefoannûmer 030-2357822 of de NS-website.
Begelieder mei yn it iepenbier ferfier
Kinne jo fanwegen in beheining net sûnder persoanlike begelieding mei it iepenbier ferfier (OV) reizgje? Dan komme jo mooglik yn oanmerking foar de lanlike OV-begeliederskaart.
Mei de OV-begeliederskaart kinne jo fergees in persoanlik begelieder meinimme yn de trein, bus, tram en metro yn hiel Nederlân. Mear ynformaasje fine jo op de webside fan Argonaut.
Wannear kom ik yn oanmerking foar de OV-begeliederskaart?
Jo kinne yn oanmerking komme foar de OV-begeliederskaart as jo âlder binne as 12 jier en:
- In rinbeheining foar in lange tiid hawwe, wêrtroch’t it jo mei helpmiddels net slagget om sels in ôfstân fan mear as 100 meter te rinnen.
- Langer as in jier yn in ynstelling of opfang foar handicaptesoarch (mei 24-oers soarch) ferbliuwe.
- Oan epilepsy liede, mei faker as ien kear deis in oanfal.
- Blyn of minsjend binne en mei gebrûk fan helpmiddels in gesichtsskerpte hawwe fan minder as 30% of in gesichtsfjild fan minder as 30 graden.
- In ferstanlike beheining hawwe, dy’t sa earnstich is dat it jo dêrtroch net slagget om allinnich mei it iepenbier ferfier te reizgjen.
- In psychysk syktebyld hawwe, dat sa earnstich is dat it jo dêrtroch net slagget om allinnich mei it iepenbier ferfier te reizgjen.
Ferfier troch frijwilligers
Der binne ferskate mooglikheden foar ferfier dat troch frijwilligers útfierd wurdt. Sa binne der frijwilligers dy’t helpe by ferfier foar in sport- of buertferiening of geloofsmienskip. Binnen de gemeente Ljouwert kenne wy ek oare mooglikheden. Dy steane hjirûnder. Wolle jo sels frijwilliger wurde? Dan kinne jo hjirfoar kontakt opnimme mei de organisaasje.
Wykauto Westeinde
Wenje jo yn de wyk Westeinde? Dan kinne jo gebrûk meitsje fan de wykauto. Bygelyks as jo boadskippen dwaan wolle, nei de kapper wolle of nei it stasjon. Krije jo besite? Dan kinne jo foar jo besite ek in rit mei de wykauto reservearje. De wykauto rydt binnen de beboude kom fan Ljouwert fanút en nei Westeinde. De wykauto is yn it plak kommen foar de stedsbus dy’t net mear rydt. Mear ynformaasje kinne jo fine op de website fan Wykbelang Westeinde.
- Wannear: De wykauto is beskikber fan moandei oant en mei freed, tusken 08:30 oere en 17:30 oere.
- Reservearje: Jo kinne in rit telefoanysk reservearje fia 06-19404920. Dit nûmer is berikber fan moandei oant en mei freed, tusken 10:00 oere en 12:00 oere.
- Kosten: Folwoeksenen betelje € 1,50 per persoan per rit (inkele reis). Bern fan 4 oant en mei 11 jier betelje € 1,00 per persoan per rit (inkele reis). Bern ûnder de 4 jier meie fergees mei. Betlje kin allinnich mei in pinpas.
Grou Mobyl
Wenje jo yn Grou? Dan kinne jo mooglik gebrûk meitsje fan de Grou Mobyl. De Grou Mobyl is foar ynwenners fan Grou mei in fysike beheining dy’t gjin eigen ferfier hawwe. Mei de Grou Mobyl kinne jo yn Grou bygelyks nei de kapper, kunde, tsjerke, it terras, de pedikuere of boadskippen dwaan. Mear ynformaasje kinne jo fine op de website fan uvv-grou.
- Wannear: De Grou Mobyl is alle dagen beskikber tusken 09:00 oere en 18:00 oere.
- Reservearje: Jo kinne in rit telefoanysk reservearje fia 06-2060 3741. Dit nûmer is berikber fan moandei oant en mei freed, tusken 09:00 oere en 12:30 oere en tusken 13:30 en 17:00 oere. En op sneon en snein tusken 09:00 en 11:30 oere.
- Kosten: Jo betelje € 1,00 per persoan per rit (inkele reis). Jo betelje mei in rittekaart. Dy is te keap by supermerk Jumbo en dierespesjaalsaak Jan & Japke yn Grou.
Max Mobiel Ljouwert
Hawwe jo gjin eigen ferfier? Brûk de Max Mobiel! Foar bygelyks in besite oan de kapper, húsdokter, supermerk of it sikehûs, mar ek nei in aktiviteit yn de buert. Brûke jo in ynklapbere rollator? Dy kin gewoan mei! De Max Mobiel is in elektrysk autootsje foar 2 persoanen. De Max Mobiel rydt allinnich yn de stêd Ljouwert, net yn de doarpen. Der ride 2 Max Moieyl autootsjes yn Ljouwert, ien fan Amaryllis en ien fan Noorderbreedte. Mear ynformaasje fine jo op ’e webside SamenLeeuwarden.
- Wannear: De MaxMobiel is beskikber fan moandei oant en mei tongersdei, tusken 09:00 oere en 17:00 oere.
- Reservearje: Jo kinne in rit telefoanysk reservearje fia 06-2212 6969. Dit nûmer is berikber fan moandei oant en mei tongersdei, tusken 09:30 oere en 12:00 oere. Freegje jo rit minimaal in dei yn it foar oan.
- Kosten: Jo betelje € 1,00 per persoan per rit (inkele reis). Betelje kin allinnich kontant.
Oare mooglike oplossingen
Mear ynformaasje oer de Wmo fine jo op de pagina Wmo. Bygelyks ynformaasje oer:
Hawwe jo oare fragen?
Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.