Fluch oan:

Ynteraktive boaiemynformaasjekaart

  • Wolle jo fan in stik grûn witte oft der ûndersyksgegevens bekend binne?
  • Wolle jo witte oft der in ûndergrûnske brânstoftank sitten hat of der noch altyd sit?
  • Wolle jo witte oft der op in bepaald stik grûn bedriuwsaktiviteit west hat?

Op de ynteraktive boaiemynformaasjekaart en yn de taljochting boaiemynformaasjekaart (PDF, 132.68 KB) fine jo dy ynformaasje.

Boaiem en omjouwingswet

As jo aktiviteiten útfiere wolle op of yn de boaiem dan hawwe jo te krijen mei regels yn de omjouwingswet. In soad wurksumheden falle ûnder miljeubelêstende aktiviteiten, sa as it sanearjen fan de grûn. Dêrneist binne der ek regels by it graven en tapassen fan grûn. Mear ynformaasje fine jo op de pagina Grûn ôfgrave en ferpleatse.

Sanearje

De regels foar it ûntgraven of ôfdekken fan fersmoarge grûn stean yn de Omjouwingswet. Bekende fersmoarge lokaasjes falle yn in oantal situaasjes ûnder it oergongsrjocht. Hjir bliuwt de Wet boaiembeskerming fan tapassing.

Oergongsrjochtlokaasje

Lokaasjes mei in gebrûksbeheining (WKPB) falle ûnder it oergongsrjocht. Ek sterk fersmoarge lokaasjes mei in rinnende boaiemsanearring, wurde mei besteande prosedueres fan de Wet boaiembehear ôfhannele. Yn de Oanfullingswet Boaiem wurdt útlein wat oergongslokaasjes binne. As dit it gefal is, dan stjoere jo de melding nei de gemeente Ljouwert.

Melden sanearring by oergongslokaasje

Dit dogge jo fia in BUS-melding. Dizze BUS-melding meitsje jo sels, of it miljeu advysburo.

Sanearringsplan

Yn bysûndere situaasjes moatte jo in sanearringsplan by de gemeente yntsjinje. Dat plan moat troch in miljeu-advysburo makke wêze. Jo hearre binnen 15 wiken oft it plan akkoart is.

Under de boaiemsanearring

De folgjende situaasjes melde jo fia it formulier ‘Melding start, ein en wiziging (PDF, 521.97 KB)’:

  • Start- en eindatum fan de sanearring.
  • Berikken fan de eindjipte fan it ôfgraven.
  • Wiziging(s) en ôfwiking(s) fan it sanearringsplan.

Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Nei de boaiemsanearring

Nei de boaiemsanearring moatte jo in evaluaasjeformulier yntsjinje. Stjoer it formulier op nei de gemeente Ljouwert. Jo meie it ek ynleverje op it Gemeentehûs.

Fragen?

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert.