Fluch oan:

Wat jo witte moatte

Foar graafwurksumheden yn gebieten dêr’t in Archeologyske Wearde oan takend is, moatte jo in beskate gefallen in ‘omjouwingsfergunning’ oanfreegje.
Sa wolle wy archeologyske fynsten en lânskiplike en kultuer-hystoaryske wearden beskermje.

Foarbylen fan graafwurksumheden:

  • It bouwen fan in hûs of skuorre.
  • It oanlizzen fan in paad, dyk of oare ferhurding.
  • It graven of demjen fan in sleat of it opheegjen of ôfgraven fan ’e boaiem.
  • It plantsjen of fuortheljen fan beammen (kapfergunning).
  • It oanlizzen fan in rydbak foar hynders.
  • It opslaan fan produkten of ôffalstoffen en it telen fan mais.
  • It lizzen fan kabels en liedingen.

Omjouwingsfergunning en archeology yn omjouwingsplannen

Omjouwingsfergunning

Yn in gebiet mei Archeologyske Wearde moatte jo foar bou-, sloop- of graafwursumheden yn de folgjende gefallen altyd in ‘omjouwingsfergunning útfieren fan wurk’ oanfreegje:

  • As in gebiet mei Archeologyske Wearde in beskerme ryksmonumint is en de útstelde boaiemfersteuring djipper is dan 0,30 m ûnder it meanfjild.
  • As in gebiet mei Archeologyske Wearde in gemeentelik monumint is en de útstelde boaiemfersteuring minder is dan 25 m2.
  • As in gebiet in Archeologyske Wearde fan 1 hat en de útstelde boaiemfersteuring minder is dan 25 m2.
  • As in gebiet in Archeologyske Wearde fan 2 hat en de útstelde boaiemfersteuring minder is dan 50 m2.
  • As in gebiet in Archeologyske Wearde fan 3 hat en de útstelde boaiemfersteuring minder is dan 100 m2.
  • As in gebiet in Archeologyske Wearde fan 4 hat en de útstelde boaiemfersteuring minder is dan 500 m2.
  • As in gebiet in Archeologyske Wearde fan 5 hat en de útstelde boaiemfersteuring minder is dan 2500 m2.
  • As in gebiet in Archeologyske Wearde fan 6 hat en de útstelde boaiemfersteuring minder is dan 10.000 m2.

Wêr’t dizze gebieten mei Wearde Archeology lizze, kinne jo sjen yn it omjouwingssplan parsjele wiziging archeology.

Fragen of help nedich?

Hawwe jo earst sels al sjoen op de website fan it ‘Omgevingsloket’?

Nee, dêr ha ik noch net sjoen.

Sjoch earst sels. Faaks is it net nedich in ôfspraak te meitsjen.

Ja, ik ha sjoen, mar ik snap net hoe it wurket.

Nim kontakt op mei de gemeente Ljouwert. Wy sille jo helpe!
Kontakt opnimme kin op de folgjende manieren:

Kosten

In Omjouwingsfergunning kostet minimaal € 592,71. Dizze kosten hingje ôf fan de hoemannichte wurk.

Wet- en regeljouwing

De folgjende wetten fine jo op de webside Overheid.nl (lokaal):

  • Omjouwingswet
  • Erfgoedwet

De folgjende regeljouwing finne jo op ’e webside Overheid.nl (lokaal).

  • Omjouwingsplan Ljouwert (selektearje yn Omjouwingsloket – ‘Regels op de kaart’: Omjouwingsplan Parsjele wiziging archeology)